Bewegingsles foar âlderen

Alderen op in leuke wize oan it bewegen krije. En dan ek noch kontakten lizze tusken generaasjes. Dat is it idee fan de 18-jierrige Sjieuwke Nieuwenhuis en trije freondinnen. Sy hawwe yn wyksoarchsintrum Sint Jozef yn Ljouwert twa gymnastykmiddeis opset. De middei is ûnderdiel fan it inisjatyf 'Ik ben Geweldig' fan it VSBfonds. Se krigen yn totaal dik 700 euro om de gymnastykmiddeis op tou te setten. In skoalopdracht brocht harren op it idee.
De froulju hawwe it projekt no ôfsletten, mar hoopje wol dat faker sokke aksjes útfiere kinne.
De froulju hawwe it projekt no ôfsletten, mar hoopje wol dat se yn de takomst faker soksoarte aksjes op tou sette kinne. Ek it fersoargingshûs wol sjen nei in ferfolch.