Wilders lilk op Snitser rapper

18 mrt 2014 - 14:58
  • Rapper Hozny
  • In byld út de klip

De rapper dy't yn in fideoklip krekt docht oft PVV-lieder Geert Wilders eksekuteard wurdt, komt út Snits. It giet om Hozny. Neffens eigen sizzen wol hy mei de klip en it ferske 'Geertje' berikke dat Wilders ophaldt mei it bedriigjen fan moslims. Geert Wilders hat yntusken oankundige oanjefte tsjin de rapper te dwaan. Hy fynt de klip 'ziekelijk en walgelijk'. Ek premier Rutte liet him earder yn sokke wurden oer de klip út.

Yn de klip is ûnder oaren te sjen dat in persoan dy't op Wilders liket twa pistoalen tsjin syn holle oan krijt.

Hozny seit by de NOS net bang te wêzen foar juridyske gefolgen. Neffens him giet it om frije mieningsútering.

Besjoch hjir de omstriden klip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)