Undersyk nei trije autobrannen

© ANP
De plysje docht ûndersyk nei de trije autobrannen dy't yn in wike tiid plakfûnen yn Ljouwert. Yn de nacht fan moandei op tiisdei gie yn de M.H. Trompstrjitte in auto folslein yn flammen op. Om goed twa oere kaam der in melding binnen by de brânwacht. Om't de auto tichtby in hage stie, sprong it fjoer oer. De brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle. Ferline wike wienen der ek al twa autobrannen yn de Karel Doormanstrjitte en de Siebe Schootstrastrjitte.
Neffens de plysjewurdfierder is der lykwols noch gjin oanlieding om út te gean fan ien en deselde brânstichter.