Aksjes yn soarch foar CAO

18 mrt 2014 - 12:36

Yn Fryslân wurdt tiisdei troch meiwurkers yn de soarch aksje fierd foar in bettere CAO. Wurknimmers fan soarchgroep Tellens yn Snits, ferpleechhûs Bloemkamp yn Boalsert en soarchsintrum Suderigge op De Lemmer hâlde ien-minút-aksjes. Op oare plakken yn it lân binne wurkûnderbrekkingen fan in pear oeren. Earder wiene der ek al aksjes. Yn desimber is der mei in pear fakbûnen wol in CAO ôfsletten foar de soarch, mar dêr die Abvakabo FNV net oan mei. Neffens it fakbûn wurde de grutte problemen yn de soarch, sa as de wurkdruk, net oanpakt.

Trefwurden: 
CAO aksje soarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)