Ferkiezings: Súdwest-Fryslân

18 mrt 2014 - 06:21

Woansdei binne de gemeenteriedsferkiezings. Yn de oanrin dêrnei ta hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de ferkiezings. Ferslachjouwers binne op en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Yn de gemeente Súdwest-Fryslân giet it ûnder oare oer de ferhâlding tusken stêd en plattelân.

De SP fynt dat de gemeente net mear jild útjaan moat oan 'prestiizjeprojekten', it CDA wol krekt ynsette op projekten dy't wurk opsmite.

Der is foaral oandacht foar de stêd of de grutte doarpen, dêr't de lytse doarpen ûnder te lijen hawwen. Dat lûd is in protte te hearren yn gemeenten dêr't ien grut plak is en in ferskaat oan lytse doarpen. Mar is dit ek sa? En hoe spylje de politike partijen yn Súdwest-Fryslân hjir op yn? D66 pleitet foar in 'gemeente 2.0', dy't boargers mear ynspraak jout en oars mei de boargers kommunisearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)