Jong Hearrenfean wint topper

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean hat der mei in 4-1 oerwinning foar soarge dat Jong Vitesse koprinner ôf is yn de beloftekompetysje. Nei goed tsien minuten mocht Samir Fazli foar de Feansters in strafskop nimme en moast Vitesse mei in man minder fierder. Fazli skeat op de binnenkant fan de peal, de bal spatte it fjild wer yn en dêrnei gong it spul gâns stroefer. Yn de twadde helte waard it publyk yn it stadion, mei in protte jonge taskôgers, better fermakke. Otigba, Slagveer, Raitala en Nwofor soargen foar de goals, Jong Vitesse soarde út in penalty.
Jong FC Grins is de nije koprinner mei 33 punten út 16 wedstriden, Jong Hearrenfean is twadde mei 31 út 17.