Ferkiezings: Ljouwerteradiel

Oer twa dagen binne de gemeenteriedsferkiezings. Yn de oanrin dernei ta hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken. Ferslachjouwers binne op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Watfoar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Ljouwerteradiel giet it oer nestor Reitse Ketellapper tsjinoer de oanstoarmjende jongerein.
Wat beweecht de jongerein om de polityk yn te gean en wêrom sit ien al mear as tweintich jier yn de ried?
Is it net lestich om as jongere de polityk yn te gean? Der binne dochs op dy leeftiid hiele oare saken dêr't in jongere him mei dwaande hâlde wol. Dêr foaroer stiet de nestor. By nije ferkiezings stelt dy nestor him ek wer beskikber. Hoe lang moatte je trochgean yn de polityk? Is trije terminen net moai genôch? Sa soe de trochstream fan de jongerein ek better wurde.