Underkaak op Flylân fûn

Underkaak op Flylân fûn © JRF/Aant van der Veen
Op Flylân is ôfrûne wykein in ûnderkaak fan in minske fûn. In eilanner seach it oan de westside fan it eilân op de Hors lizzen. De kaak is oerdroegen oan it Buro Fermiste Persoanen Noardsee fan de lanlike plysje KLPD. Eksperts sille besjen oft der DNA feilichsteld wurde kin. Dat kin dan brûkt wurde om derachter te kommen fan wa't de kaak is.
Neffens Ed Kraszewski fan de KLPD komt it wolris foar dat op dy wize fermiste persoanen weromfûn wurde. It komt geregeld foar dat minsken op see ferdwine troch bygelyks in ûngelok.