Lege salarissen yn Fryslân

It gebiet mei de postkoades 8741 oant 8749 besuden Harns is it op fiif nei earmste fan Nederlân. Dat blykt út ûndersyk fan de nijssite Z24 yn gearwurking mei softwareburo en salarisferwurker Unit4. It giet om de plakken Hartwert, Burchwert, Hichtum, Skettens, Longerhou, Skraard, Wûns, Wytmarsum en Penjum.
It bruto moannesalaris dêr leit yn trochsneed op 2089 euro yn de moanne. Yn hiel Nederlân is dat 700 euro mear, 2770 euro.
De postkoades tusken 9071 en 9079 mei de plakken Alde Leie, Nij Altena, Marrum, Hallum, De Westhoeke, Sint Anne, Sint Jabik, Froubuorren en Aldebiltsyl stean yn de top tsien op it achtste plak. In pear wiken yn de stêd Grins binne it earmst fan hiel Nederlân mei in trochsneed bruto moannesalaris fan 2025 euro. Yn Wassenaar wurdt mei hast 6000 euro it meast fertsjinne.