Ferkiezings: Ferwerderadiel

Oer twa dagen binne de gemeenteriedsferkiezings. Yn de oanrin dêrnei ta hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken. Ferslachjouwers binne op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Watfoar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Ferwerderadiel prate wy oer de kampanje.
Wa kin de publikaasjebuorden net dy't troch allerhande politike partijen yn de tiid fan de ferkiezingen folplakt wurde mei de koppen fan de listlûkers en de kandidaat-wethâlders?
Yn hieltyd mear tunen stiet sa'n boerd. Mar is dat wol genôch, of moatte jo krekt ynsette op de sosjale media lykas bygelyks Twitter en Facebook?