Feesortearders liede needklok

De fiif Fryske sammelplakken foar fee sitte bot yn oer har takomst. Fan 1 maart ôf meie se gjin fee mear nei oare sammelplakken bringe. Dat is needsaaklik om bygelyks genôch skiep fan ien soart te sortearjen foar in rendabele fracht yn in feewein. Steatsekretaris Sharon Dijksma hat bepaald dat fee no streekrjocht nei de klanten moat.
Troch de maatregel wurdt net minder, mar mear mei fee omtôge, fynt de sektor. Sa ride slachthuzen no sels mei frachtweinen by individuele boeren del. De feesammelplakken binne no faak leech en dat kin net út.