Protest op ferkiezingsbuorden

17 mrt 2014 - 13:19
  • Gemeente Kollumerlân
  • Dit protest op it ferkiezingsboerd fan Kollumerlân is alwer fuorthelle

Yn Kollumerlân is op meardere ferkiezingsbuorden in papier ophongen mei krityk op twa lokale politisy. De buorden stean yn Kollum, Kollumersweach, Aldwâld en De Triemen. Op it papier stiet mei de hân skreaun: "Lieuwe Bijleveld van het CDA en Margreet van der Molen van de ChristenUnie innen duizenden euro's van bijna failliet VCBO Kollumerland''.

Dêrmei wurdt ferwiisd nei de fergoedings dy't de twa krigen doe't se bestjoerslid wiene fan de skoalkoepel VCBO Kollumerlân. It soe om tûzenen euro's gean foar in pear oerkes wurk yn de wike.

De gemeente hat ûnderwilens de papieren fan de ferkiezingsbuorden ôfhelle. De boargemaster seit dat de ferkiezingsbuorden bedoeld binne foar politike partijen en net foar oare saken. Boppedat wiene de ferkiezingsposters net mear goed te sjen troch it papier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)