Snitsers bekenne fernielings

17 mrt 2014 - 12:53

Mei de oanhâlding fan twa Snitsers fan 26 en 27 jier hat de plysje in grut tal fernielings oplost. Yn de nacht fan 8 op 9 maart waarden twa ruten ynsmiten fan de Johannes Postskoalle yn Snits. Yn de Furmerusstrjitte waarden fjouwer auto's skansearre. De dieders trapen de spegels derôf of rûnen oer de auto's hinne.

Troch in tsûge en fierder ûndersyk koene de twa fertochten opspoard en oanhâlden wurde. Se hawwe bekend. Se moatte de skea fergoedzje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)