Earste ljipaai Bilt en Sm'lân

17 mrt 2014 - 11:43
  • Ljipaai

Bauke Tuinhof fan Sint Anne hat sneon it earste ljipaai fan de gemeente It Bilt fûn. It lei yn in stik lân oan de Koudeweg yn Sint Jabik. Boargemaster Krol nimt it aai moandeitemiddei yn ûntfangst.

Harmen en Ljibbe Elzinga út Aldegea hawwe it earste ljipaai fan Smellingerlân fûn. Dat lei yn de greide by de Aldegeasterdyk yn Aldegea. It aai wurdt moandeitemiddei oanbean oan boargemaster Van Bekkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)