Botsing troch oerstekkende hûn

17 mrt 2014 - 10:48

In motorrydster is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op it Keechsdykje yn Ljouwert. De frou ried achter in auto dy't remje moast foar in oerstekkende hûn. Doe't de frou ek remme, gie se ûnderút en botste se op de achterkant fan de auto.

It slachtoffer hie ferskate ferwûnings. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)