'Wânswert moat rûnwei krije'

17 mrt 2014 - 10:19

De provinsje moat in heale ton útlûke foar de oanlis fan in rûnwei om Wânswert hinne. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij is de buorren net berekkene op it ferkear dat der no alle dagen trochhinne rydt. Neffens Friese Koers soarget ûnder oare de nije rotonde by Hallum foar mear ferkear yn Wânswert.

Veilig Verkeer Nederland docht op it stuit ûndersyk nei de ferkearsfeiligens yn it doarp. Friese Koers neamt de situaasje 'ûnhâldber' en fynt dat der sa gau mooglik wat barre moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)