Fyftich klachten oer Opsterlân

De partij OpsterLanders hat sneon in digitaal meldpunt iepene dêr't ynwenners fan Opsterlân klachten oer de gemeente kwyt kinne. Der binne no al fyftich meldingen op kaam, neffens de partij.
Minsken kinne oant en mei 30 april klachten kwyt by it digitale meldpunt, bygelyks oer te drege brieven of lang wachtsje moatten op in antwurd fan de gemeente. Dêrnei wol OpsterLanders mei oanbefellings komme foar de gemeente om de tsjinstferliening te ferbetterjen.