Ideeën foar Rabogebou

17 mrt 2014 - 08:46

Der binne oant no ta tritich ideeën binnenkaam foar in nije ynfolling fan it eardere Rabobankgebou yn Beetstersweach. De fraksje fan D66 yn de gemeente Opsterlân hie in oprop oan de boargers dien om in nije bestimming te betinken.

Der is ûnder oare foarsteld om in soarchstipepunt yn te rjochtsjen yn it gebou, dêr't minsken helpmiddels lykas krukken helje kinne en sûnensadvys krije kinne. In oar idee is om guod dat winkelju net ferkocht hawwe dêr mei hege koarting te ferkeapjen. De winst giet dan nei in goed doel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)