Ferkiezings: Dongeradiel

17 mrt 2014 - 07:23
  • Gemeente Dongeradiel
  • Jouke Douwe de Vries, Dongeradiel Sociaal
  • Esther Hanemaaijer fan it CDA Dongeradiel

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen?

Yn de gemeente Dongeradiel prate we ûnder oare oer besuniging, weryndieling, fergees parkeare en oer it al as net winkeljen op snein.

Hoefolle gemeenten binne der noch yn Fryslân yn 2018 by de folgjende ferkiezings? Dat hâldt in soad gemeenten en dêrmei politike partijen yn Fryslân ek dwaande. Foar tal fan dy gemeenten binne dit nei alle gedachten de lêste ferkiezings as selsstannige gemeente. Hoe wurdt hjir nei sjoen yn Dongeradiel en wat betsjut dat foar de polityk en de ynwenners?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)