Goud ploech Knegt-Breeuwsma
Nederlân is mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en Niels Kerstholt wrâldkampioen shorttrack op de ôflossing wurden. Yn Montreal soarge Sjinkie Knegt mei in magistrale finish foar it goud. Deselde ploech hie in moanne lyn sa'n prestaasje ek delsette wollen yn Sotsji mei de Olympyske Spelen. Doe gong it troch in falpartij yn de earste 30 meter mis en 'fergeat' de starter de saak ôf te sjitten. Yn Montreal waard Súd-Koreä twadde en Grut-Brittannië tredde.