Snieûle op Flylân ferhongere

De deade snieûle fan Flylân © Folkert Janssens
De snieûle dy't begjin maart dea fûn waard op Flylân, is nei alle gedachten ferhongere. Dat stelt ûndersyksynstitút Alterra fan de Wageningen Universiteit. Steatsboskbehear hie Alterra frege de deadsoarsaak fan de fûgel te achterheljen. De tinne spiermassa fan de fûgel wize neffens de ûndersikers op in mooglike ferhongering. It gie nei alle gedachten om in wyfke. Der binne gjin opfallende breuken of ferwûningen fûn.
Ynformaasjesintrum De Noordwester op Flylân lit de snieûle opsette.