Wüst wint finalerit 1000 meter

16 mrt 2014 - 16:16
  • Ireen Wust
  • Brittany Bowe, Heather Richardson en Olga Fatkoelina op it einpoadium

Ireen Wüst hat snein de 1000 meter wûn by de wrâldbeker yn Thialf. Wüst klokte yn de finale in winnende tiid fan 1.14.63 (baanrekôr) en wist dêrmei Margot Boer (1.14.92) efter har te hâlden. Lotte van Beek makke it poadium kompleet mei har tredde tiid fan 1.15.09. Marrit Leenstra kaam mei 1.15.60 út op it sechsde plak.

De wrâldbekertitel op de 1000 meter gong nei de Amerikaanse Heather Richardson, dy't mei 550 punten lângenoate Brittany Bowe (500 pnt) efter har wist te hâlden. It brûns wie foar de Russin Olga Fatkulina mei 352 punten.

Lotte van Beek einige as fjirde yn it einklassemint en is dêrmei de bêste Nederlânse. Margot Boer fine we werom op it fyfde plak, Ireen Wüst op it sechsde plak. Marrit Leenstra einiget as alfde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)