De Jouwer ûnderút by RKHVV

16 mrt 2014 - 16:09

De Jouwer hat sneintemiddei mei 5-2 ferlern fan RKHVV. Yn Huissen kamen de Jousters nei 6 minuten ferrassend op foarsprong. Lang duorre de bliidskip net, want yn de 14e minút makke RKHVV de lykmakker. Op slach fan rêst waard it 2-1 foar de thúsploech.

Yn de 54e minút sette Martijn Dijk de Jousters mei in knap skot op likense hichte. Tsien minuten letter wie it op 'e nij RKHVV dat it fizier op skerp hie. Mei twa rappe treffers yn it lêste kertier smiet de thúsploech de wedstriid definityf yn it slot.

De ploech fan trainer Wieb Rodenhuis bliuwt troch it ferlies stean op 9 punten út 20 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)