Oenema ûntefreden oer seizoen

Thijsje Oenema hat snein har seizoen ôfsletten mei in achtste plak yn it einklassemint op de 500 meter by de wrâldbekerfinales yn Thialf. Oenema wie nei ôfrin net tefreden oer it seizoen. Se slagge der net yn har te pleatsen foar de Olympyske Spelen yn Sotsji en de tiden foelen it ôfrûne seizoen ek ôf. 'It wie gewoan net myn seizoen', liet se witte.
Boppedat waard Oenema yn septimber konfrontearre mei hûdkanker. In deaplak (moedervlek) en de hûd dêromhinne moasten fuorthelle wurde, wêrnei't Oenema wer hielendal genêzen ferklearre waard.
Oenema rjochtet har op de takomst, wêryn't de ploech op syk moat nei in nije haadsponsor.