CDA ronsele mooglik stimmen

16 mrt 2014 - 14:39

It CDA yn de gemeente It Bilt hat him mooglik skuldich makke oan ronseljen fan stimmen. De partij hat hûs-oan-hûs in folder ferspraat dêr't yn stiet dat minsken dy't sels net nei de stimbus komme kinne, kontakt opnimme kinne mei listlûker en wethâlder Nel Haarsma. In machtiging kin dan yn oerlis regele wurde, sa stiet fierders yn de folder te lêzen.

Boargemaster Krol seit dat de passaazje yn in griis gebiet sit fan wat noch wol en net mei. Hy nimt moandei oer de kwestje kontakt op mei de Kiesried.

Frou Haarsma is skrokken fan de opskuor. Se seit dat de folder mei de bêste bedoelings makke is en dat it nea de bedoeling west hat om stimmen te ronseljen. It CDA hat yn it foar net útsocht oft de oprop neffens de kieswet wol tastien is. Haarsma begrypt dat de boargemaster kontakt opnimt mei de Kiesried. Oant no ta hat gjinien reagearre op de oprop yn de folder. Mocht dat dochs noch barre, dan docht de partij dêr neat mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)