Boer wer fyfde op 500 meter

16 mrt 2014 - 14:08

Margot Boer is sneintemiddei op 'e nij fyfde wurden op de twadde 500 meter by de wrâldbekerfinales yn Thialf. Boer klokte snein eksakt deselde tiid as Laurine van Riessen (38.20), mar op tûzensten waard Boer fyfde en Van Riessen sechsde. Thijsje Oenema einige as sânde mei 38.23. Yn it einklassemint moast Boer it dwaan mei it sechsde plak. Oenema waard úteinlik achtste.

De Russin Olga Fatkulina wie yn de finalerit de rapste yn in tiid fan 37.86 en skreau dêrmei de wrâldbekertitel op de 500 meter op har namme.

De Dútse Jenny Wolf (38.00) waard twadde en pakte it brûns yn it einklassemint. It sulver wie foar de Amerikaanse Heather Richardson, dy't yn de finalerit mei 38.04 tredde waard.

Margot Boer komt letter sneintemiddei noch yn aksje op de 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)