Omkriten doarpshûs ek opknappe

De brêge yn Terwispel © Google Streetview
It gebiet by it doarpshûs fan Terwispel krijt in flinke opknapbeurt. Der komt in nij plein, in eveneminteterrein, in parkearterrein foar tachtich auto's, nije strjitstiennen en nije planten en beammen. It doarpshûs sels is al fernijd.
De kosten fan it opknappen fan de strjitten dêr wurde rûsd op 400.000 euro. De opknapbeurt giet definityf troch, as de gemeenteried op 14 april in posityf beslút nimt oer de plannen.