CDA: skaf de opsinten ôf

Dyk by Harns mei de Keningsbrêge © Google Street View
De provinsjale wegebelesting moat skrast wurde. Dat foarstel komt fan it CDA Súdwest-Fryslân. De provinsje soe tefolle jild by de boargers ophelje. It opheffen fan de opsinten smyt eltse ynwenner in 200 euro yn it jier op.
Neffens it CDA Súdwest-Fryslân is it ek noch in opsje om in part fan de provinsjale wegebelesting te brûken as kompensaasje foar âlden fan wa't de bern djoere ferfiersabonneminten nedich hawwe. Skoalbern dy't bygelyks fan Starum nei Snits moatte, binne 1700 euro yn it jier kwyt foar de trein.