Aris moat dochs belies jaan

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe sneontejûn de wedstriid tsjin Nijmegen/Wijchen mei 97-90 ferlern. Yn in spannende slotfaze wisten de gasten it ferskil te meitsjen. Aris iepene sterk troch in 28-22 foarsprong te nimmen. Mar by it skoft wie it al wer 42-43.
Nijmegen/Wijchen rûn nei de pauze fierder út nei 54-67. Mar Aris sette it dochs wer om yn in 73-67 foarsprong. Uteinlik moasten de Ljouwerters belies jaan. Woansdei moat Aris it thús opnimme tsjin Leiden.