Lykspul foar Drachtster Boys

Drachtster Boys spile sneon mei 1-1 lyk tsjin CSV Apeldoorn. Op sportpark Orderbos yn Apeldoorn moast it publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer. Beide ploegen krigen nei rêst in oantal goede kânsen. Yn de 65e minút soarge CSV Apeldoorn foar feeststimming by it thúspublyk troch optimaal te profitearjen fan in flater fan de Drachtster Boys keeper. In doelpunt fan Regilio Holder besoarge de ploech fan trainer Fred de Boer fiif minuten foar de ein dochs noch in punt.
Drachtster Boys stiet no op 25 punten út 20 wedstriden.