Boer fyfde op earste 500 meter
Margot Boer fan Goaiïngaryp is sneon fyfde wurden op de earste 500 meter by de wrâldbekerfinales yn Thialf. Boer klokte in tiid fan 38.05 en wie dêrmei de rapste Nederlânse. Yn in rjochtstreeks duel fersloech se Thijsje Oenema fan De Jouwer, dy't mei 38.68 teloarstellend op it tolfde plak einige. Anice Das fan It Hearrenfean waard mei 38.61 alfde. Mei noch ien 500 meter te gean stiet Boer op it sânde plak yn it klassemint. Oenema fine we op it achtste plak.
Snein stiet de twadde 500 meter op it programma, dêrnei wurdt it einklassemint opmakke. De Russise Olga Fatkulina en de Amerikaanse Heather Richardson gean tegearre oan de lieding mei 810 punten. De earste 500 meter waard sneon wûn troch Olga Fatkulina yn 37.67. Heather Richardson waard twadde yn 37.79. Nao Kodairo út Japan einige as tredde mei 37.95.
By de manlju gong de winst nei Ronald Mulder yn 34.81, foar Jan Smeekens yn 34.97 en Gilmore Junio yn 35.00. Jesper Hospes waard sânde yn 35.17. Yn it klassemint giet Ronald Mulder oan de lieding, foar twillingbroer Michel.