Lykspul foar Harkemase Boys

Harkemase Boys kaam sneon net fierder as in 2-2- lykspul tsjin SVZW. Op sportpark De Bosk sette Heine Uuldriks de Harkiten nei 14 minuten spyljen op foarsprong út in foarset fan Joram Smits. Krekt foar rêst kamen de gasten út Wierden op likense hichte troch in treffer fan âld-Cambuurspiler Ruud ter Heide. Betiid yn de twadde helte soarge in flater oan de kant fan de ploech fan trainer Willem Brouwer foar de 2-1 efterstân. Ut in strafskop sette Robin Huisman de Jong yn de 82e minút de einstân op it boerd.
Harkemase Boys komt troch it lykspul op 38 punten út 20 wedstriden. Ek koprinner ACV liet punten lizze troch it 0-0 lykspul tsjin Staphorst en giet oan de lieding mei 44 punten.