Mear begryp ambulânsepersoniel

15 mrt 2014 - 12:37

Helpferlieners hawwe noch hieltyd te krijen mei in soad ûnbegryp oer de wurkwize fan ambulânsepersoniel. Sa tinke minsken dat in ambulânse altyd komt as jo 112 belje en dat in pasjint altyd mei nei it sikehûs giet. Mar beide ferwachtings klopje net. Tiisdei is der dêrom in nasjonale kampanje begûn om mear begryp te krijen foar it wurk fan ambulânsemeiwurkers. By Kijlstra ambulânse binne se bliid mei de aksje. It is neffens ambulânseferpleechkundige Wander Metters fan Kijlstra goed dat minsken mear kennis hawwe oer hoe't hat ynset wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)