Tsjûgen fan mishanneling socht

© ANP XTRA
De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling oan de Eillartstrjitte yn Ljouwert. In frou is dêr tongersdeitejûn om 18.40 oere hinne troch in man mishannele. Hy siet op har en knypte de kiel ticht. In ûnbekende man, dy't inkeld in koarte broek oan hie, treau de man fuort en holp de frou oerein. De dieder naaide út. De plysje siket de man dy't it slachtoffer holpen hat en mooglik oare tsjûgen.