Noch klachten nei busûngelok

15 mrt 2014 - 11:43

Fiif meiwurkers fan De Friese Wouden hawwe noch hieltyd sûnensklachten nei it grutte busûngelok by Muiden fan ôfrûne novimber. It giet om pineholle en rêchklachten. Dat seit direkteur Aukje Reinders fan De Friese Wouden. De 360 wurknimmers fan de soarchorganisaasje wienen op dy sneon ûnderweis nei de musical Sister Act yn Scheveningen, doe't trije fan de seis bussen op inoar botsten. Der rekken 36 minsken ferwûne. De meiwurkers binne sneon wer ôfreizge nei Scheveningen om de musical te sjen. Se reizgje op 'e nij mei de bus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)