Boek oer kerstening Fryslân

15 mrt 2014 - 11:34

It boek 'Hoe God verscheen in Friesland' is freed yn Tresoar yn Ljouwert presintearre. It is skreaun troch Dirk Otten en giet oer de skiednis fan it kristlik wurden fan ús provinsje. Ien fan de opfallende saken út dit boek is dat Gregorius neamd wurdt as wichtichste persoan foar it kristlik wurden fan ús provinsje. Ut skiednisboeken wei binne foaral de nammen Bonifatius, Willibrord en Liudger bekend wurden. Dit soe benammen te krijen hawwe mei it feit dat se yn it ferline by de elite hearden. Krekt Gregorius soe folle belangriker west ha.

It earste eksimplaar is oerlange oan haadredakteur Lútsen Kooistra fan it Frysk deiblêd.

Trefwurden: 
Ljouwert boek Tresoar kristen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)