Warskôgingsboerd foar otters

15 mrt 2014 - 08:41

By Gytsjerk stiet sûnt dizze wike in folslein nij ferkearsboerd. It giet om in boerd mei dêrop in plaatsje fan in otter mei dêrûnder de tekst "Pas op voor overstekende otters". It Fryske Gea hat it boerd der in pear dagen lyn delsetten.

Neffens it Gea binne der yn de lêste jierren al twa otters deariden op dit plak. Oer goed oardel jier komt der in faunatunnel ûnder de dyk troch, mar om de otters no al te beskermjen is it boerd pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)