UNIS langer sponsor Flyers

14 mrt 2014 - 21:20

UNIS Group bliuwt yn alle gefallen noch in jier haadsponsor fan it iishockyteam Flyers fan It Hearrenfean. It Grouster bedriuw is sûnt in jier de haadsponsor. De Flyers draaiden in goed seizoen. Se kwalifisearren har ferline jier foar de bekerfinale en berikten de heale finale fan it lânskampioenskip. Mei de kontraktferlinging is de takomst fan iishockey op it heechste nivo foar in grut part wis. De lieding fan de Flyers is dan ek bliid mei de ferlinging fan it sponsorkontrakt.

It bedriuw UNIS Group bestiet hast 30 jier en hat 180 meiwurkers. It bedriuw is aktyf op it mêd fan de reparaasje fan yndustriële elektroanika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)