Knegt net yn WK finale 1500

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Sjinkie Knegt hat op earste dei fan it wrâldkampioenskip shorttack yn it Kanadeeske Montreal de finale fan de 1500 meter net helle. Hy waard yn de heale finale útskeakele en dat jilde ek foar Freek van der Wart.
De Bantegeaster wie wol tichtby de finale, mar hy slagge der net yn om de Kanadees Charles Hamelin en de Rus Victor An foarby te kommen. Sjinkie Knegt drukte syn reed as tredde oer de streep en dat is net genôch om troch te gean nei de finale.