'Van der Laan net warskôge'

Boargemaster Eberhard van der Laan fan Amsterdam wie net fan te foaren warskôge foar it risiko op ûngeregeldheden by de wedstriid tusken Ajax en Cambuur. Hy sei dat freed yn in útstjoering fan de Amsterdamske tv-stjoerder AT5 nei oanlieding fan de rellen fan ferline wike snein.
Dat stiet heaks op de bewearing fan de direkteur fan SC Cambuur dy't sei dat de gemeente Amsterdam yn it foar wol deeglik warskôge is foar de kâns op ûngeregeldheden tusken supporters fan Cambuur en Ajax. De gemeente Amsterdam sil de gong fan saken noch evaluearje.
Van der Laan sei ek dat minsken dy't juridyske stappen tsjin de gemeente sette wolle, net folle kâns fan slagjen hawwe.