Ferkiezings: Flylân

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne dizze wike op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Watfoar politike kwestjes spylje dêr? Op Flylân giet it oer de soarch. Hoe kinnw je dy behâlde foar it eilân. En, hoe kinne je oare bedriuwichheid nei in eilân helje?
Yn 2010 wie de VVD op Flylân de grutte winner fan de ferkiezings. De partij helle goed 48 persint fan de stimmen. De fraach is oft dy stunt werhelle wurde kin.
De twa oare partijen dogge har bêst stimmen werom te winnen. Mar hoe kinne je je op sa'n lyts eilân ûnderskiede fan de oare partijen as der kwalik grutte ferskillen binne? Wy prate oer de problemen en de kânsen fan Flylân mei VVD-listlûker Rients Hoekstra, Elsje de Ruijter fan Groen Wit en Jan Stuivenga fan Algemeen Belang Vlieland.