Wüst wint wrâldbeker op 1500

Ireen Wüst hat freed de wrâldbekertitel op de 1500 meter op har namme skreaun. Op it iis fan Thialf wûn Wüst de wrâldbekerfinale yn in rjochtstreeks duel fan konkurrinte Brittany Bowe yn in tiid fan 1.53.67. Dêrtroch kaam har foarsprong yn it klassemint net mear yn gefaar. Lotte van Beek waard twadde yn in tiid fan 1.54.47 en pakte dêrmei ek it sulver yn it einklassemint. It brûns gong nei Bowe, dy't yn de finale fyfde waard yn in tiid fan 1.56.56.
Marrit Leenstra klokte yn rit seis in tiid fan 1.56.22, goed foar it fjirde plak yn de finale. Yn it einklassemint einige se as fiifde.