Trije Friezen by 50PLUS

It gebou fan de Ried fan Europa yn Straatsburch © Council of Europe
Op de kandidatelist fan de partij 50PLUS foar de Europeeske ferkiezings stean trije Friezen. It giet om Theun Wiersma fan De Pein, hy wurket by it Fryske Gea, Pietsje Spykstra fan Ternaard, sy is ûndernimmer. As listtriuwer is sjoernalist Wibo van der Linde frege. Hy wennet yn Nijemardum.
De definitive list foar 50PLUS wurdt ein dizze moanne fêststeld. De Europeeske ferkiezings binne op 22 maaie.