Heechterp minste bernewyk NL

14 mrt 2014 - 16:26
  • De wyk Heechterp-Skieringen

De Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen is de minste wyk foar bern yn hiel Nederlân. Dat stiet yn it rapport 'Kinderen in Tel 2014'. It rapport is makke yn opdracht fan ferskate berne-organisaasjes lykas Unicef, Jantje Beton en Kinderpostzegels. Yn it rapport wurdt rekken hâlden mei ûnder oare bernestjerte, wurkleazens ûnder jongerein, bernemishanneling en jeugdkriminaliteit. Neffens Sandra Smidt fan de Plataanskoalle yn de wyk, is Heechterp-Skieringen hielendal net sa min en bart der genôch foar bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)