Van der Goot advocaat Frank R.

14 mrt 2014 - 15:05

Tjalling van der Goot fan it advokatekantoar Anker en Anker wurdt de nije advokaat fan Frank R. út Cuijk. R. wurdt fertocht fan bernemisbrûk, hy soe hûnderten minderjierrige famkes út Nederlân en België misbrûkt hawwe. Hy die dat fia de webcam, mar yn alve gefallen soe it ek ta fysyk kontakt kaam wêze.

Advokaat Rob van Haarst is earder ophâlden mei de ferdigening fan Frank R, omdat dy net iepen kaart mei him spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)