Steuring Kabelnoord foarby

14 mrt 2014 - 14:10

De steuring by kabelbedriuw Kabelnoord yn Dokkum is oplost. Guon klanten en ek bedriuwen sieten al sûnt tongersdeitemiddei sûnder ynternet. Doe ûntstie der in stroomsteuring by it bedriuw wêrtroch kabel, tillefoan en ynternet derút leine. It tillevyzjesinjaal wie gau wer yn de loft. Mar de problemen mei beljen en ynternet hawwe yn in part fan Noardeast-Fryslân noch oant it begjin fan de freedtemiddei duorre. Der is de hiele nacht en moarn wurke om de steuring op te lossen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)