Trije kandidaten boargemaster

14 mrt 2014 - 11:08

Der binne yn totaal trije sollisitaasjes binnenkaam foar de funksje fan boargemaster fan Hearrenfean. De kandidaten binne trije manlju fan tusken de 47 en 61 jier âld. Ien is lid fan de PvdA, ien fan it CDA en fan de tredde is de partij net bekend. Troch de weryndieling fan 1 jannewaris moat der offisjeel in nije boargemaster komme. Tjeerd van der Zwan is op dit stuit waarnimmer. Yn maaie wurdt bekend wa't de nije boargemaster fan Hearrenfean wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)