230 jier âlde boek kapt

14 mrt 2014 - 11:03

Yn Wolvegea by Huize Lindenoord wurdt freed in boek fan 230 jier âld kapt. De beam moat om, om't er troch poddestuollen bot oantaaste is. De oannimmer hat de ôfrûne twa dagen dwaande west mei de tariedingen foar de kap. It delheljen fan de boek is part fan in grutter projekt om de tún fan Huize Lindenoord op te knappen. De tún is neffens de gemeente bot ferâldere.

Neist it kappen fan de boek sil der ek wurke wurde oan it fuortheljen fan oare beplanting, stikken asfalt en betegeling. De folsleine renovaasje duorret twa oant trije wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)