Ynwenners Froubuorren oppakt

© SXC
Twa ynwenners fan Froubuorren binne tongersdei yn Stiens oppakt om't se dronken wiene. In 27-jierrige frou soarge foar oerlêst op it St. Vitusplein. By har oanhâlding misledige se de plysjeminsken.
Letter op de jûn waard ek in 43-jierrige man út Froubuorren oppakt. Hy ried sûnder ljocht en helm op in bromfyts. De man wie boppedat ûnder ynfloed fan alkohol. Syn rydbewiis is ynnaam.