Fytsedief pakt yn Appelskea

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
In man fan 28 út Assen is yn de nacht fan tongersdei op freed oppakt om't er yn Appelskea twa fytsen en in fytskompjûter stellen hie. Plysjeminsken setten de auto fan de fertochte nei in tip oan de kant op de Vaart Zuidzijde. De ynbrekker naaide dêrop rinnend út mar is dochs oppakt.
By syn auto stie in oanhinger mei de stellen fytsen. Ek fûn de plysje in stellen fytskompjûter yn de bûse fan de fertochte.